Bûten grieme en bargje op de Ynternasjonale Modderdei

29 jun 2018 - 19:30

Lekker bûten grieme en bargje yn de modder, wat is no moaier as dat! Op in soad plakken waard it freed wer folop dien, want it is Ynternasjonale Modderdei.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Yn in wrâld dy't foar bern benammen út tablets en kompjûters bestiet, wie dit in prachtige kâns om de remmen los te goaien en fan de modder-glydbaan te roetsjen, taartsjes te bakken fan sân en modder, of mei bleate fuotten troch spagetty, klaai en de skomblokken te rinnen.

Ek yn Fryslân waard rûnom meidien oan de Modderdei. By de berne-opfanglokaasje fan Kids First yn Grou diene bygelyks sa'n tritich bern fol wille mei. De Modderdei is yn Nederlân in inisjatyf fan it Instituut voor Natuureducatie en ynspirearre op de International Mud Day.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Ferslachjouwer René Koster seach yn Grou by de Modderdei

Foto: Omrop Fryslân, René Koster
Trefwurden: 
Grou modderdei KidsFirst
(advertinsje)
(advertinsje)