Sander Arends ûnderút yn spannende finale fan ATP-toernoai yn Antalya

29 jun 2018 - 19:06

Tennisser Sander Arends is der net yn slagge om it ATP-toernoai yn it Turkske Antalya te winnen. De Ljouwerter gie, tegearre mei syn dûbeldmaat Matwé Middelkoop, mei 5-7, 7-6 (6) en 8-10 ûnderút tsjin Marcelo Demoliner en Santiago González.

Sander Arends yn aksje - Foto: orange-pictures.nl

Yn de earste set gie it lang lykop. Oan it begjin fan de set waarden beide duo's ien kear brutsen, mar dêrnei holden se harren service oant 5-5. De Braziliaan Demoliner en de Meksikaan González kamen doe op 6-5 en dêrnei brutsen se it Nederlânske duo. Sa pakten se de earste set mei 7-5.

In set letter oerlibben Arends en Middelkoop twa setpoints. Earst op eigen service by 5-6 en yn de tiebreak by 5-6 nochris. Trije punten letter helle Arends de set mei in goede folly de set binnen.

Dêrom moast in super-tiebreak foar de beslissing soargje. Dêryn kamen Arends en Middelkoop op 'e nij op in lytse efterstân. Diskear koenen se dat net goedmeitsje. De super-tiebreak gie mei 10-8 nei Demoliner en González en dêrmei pakke sy de titel yn Antalya.

Wimbledon

It wie foar Arends en Middelkoop pas it twadde toernoai dat se dit jier as koppel spilen. Troch it heljen fan de finale komt Arends op it 61e plak fan de wrâldranglist te stean. Takom wike sil hy, tegearre mei Middelkoop, meidwaan oan it Grand Slam fan Wimbledon yn Londen.

By de lotting foar Wimbledon binne Sander Arends en Matwé Middelkoop freedtemiddei keppele oan Jeevan Nedunchezhiyan út India en Austin Krajicek út Amearika. Dat duo hat him fia de kwalifikaasjeronde foar it haadtoernoai pleatst.

Ferline jier makke Arends syn debút op Wimbledon. Doe ferlear hy yn de earste ronde. De Sweden Johan Brunström en Andreas Siljeström wiene yn in maratonpartij mei 6-7, 6-1, 4-6, 7-6, en 12-10 te sterk foar Arends en syn partner Hsien-Yin Peng.

Trefwurden: 
Sander Arends tennis ATP
(advertinsje)