Wichtige ynvestearder gasboarringen Skylge falt fuort

29 jun 2018 - 18:26

In wichtige ynvestearder yn de plannen foar gasboarringen by Skylge falt fuort, sa lit de Waadferiening witte. De Britske bank Barclays wol net mear ynvestearje yn dit soarte fan aktiviteiten yn en om Unesco Wrâlderfgoedgebieten, sa stiet yn in ferklearring fan de bank.

Skylge - Foto: Oerol

TulipOil, dy't de konsesje yn hannen hat, wol yn de Noardsee gas winne fan in lokaasje yn de dunen fan Skylge ôf. Dêr is fûl ferset tsjin en dat hat der ek ta laat dat der yn de Twadde Keamer in moasje tsjin de plannen oannaam waard.

(advertinsje)
(advertinsje)