De Frissel út Drachtsterkompenije wint Sjongfestival 2018

29 jun 2018 - 17:49

Skoalle De Frissel út Drachtsterkompenije is de winner fan it Sjongfestival 2018 wurden. Sy wûnen freed it Sjongfestival mei it ferske 'Freonskip boppe'. De sjuery wie tige te sprekken oer it optreden fan de skoalle: "Der falt te hearren dat der in soad oan muzyk dien wurdt op de skoalle. In goed kleurepalet oan muzyk, mei rap en rock." De Kogge út Drylts wûn de tekstpriis, de priis foar it bêst selsskreaune nûmer. De finale waard hâlden op it Saailân yn Ljouwert.

Foto: Kim Schotanus

De winnende skoalle gie nei hûs mei de gouden mikrofoan en de wikselbokaal, de 'Karin de Jong-priis'. De twadde priis gie nei De Kogge út Drylts en it tredde plak nei Eben Haëzer út Dokkum. Ek oer dy twa skoallen wie de sjuery tige te sprekken.

De opdracht oan de skoallen wie dit jier om in eigen tekst te skriuwen. Foar De Kogge út Drylts wie der de tekstpriis om't sy neffens de sjuery de bêste tekst skreaun hienen. Sy wienen hiel entûsjast oer de tekst fan it ferske 'Kom mar by ús'.

Poadium fan CityProms

It Sjongfestival wie dit jier wat oars as oars, grutter en mei nije eleminten. Sa waard de finale hâlden op it poadium fan CityProms op it Saailân yn Ljouwert. Seis skoallen út hiel Fryslân hawwe optreden foar de profesjonele sjuery dy't bestie út Janneke Brakels, Wiebe Kaspers en Nynke Laverman. De presintaasje lei yn hannen fan Raynaud Ritsma en Geartsje de Vries.

It Sjongfestival wurdt organisearre troch Cedin, Afûk, Keunstwurk en Omrop Fryslân en wurdt ienris yn de twa jier hâlden.

Trefwurden: 
Sjong
(advertinsje)
(advertinsje)