Skoallemienskip bliid mei akkoart Cambuurstadion: "Hiel posityf"

29 jun 2018 - 17:42

ROC Friese Poort is bliid mei it akkoart oer it nije Cambuurstadion. De kommersjele partijen makken tongersdei bekend dat se der út kaam binne. De skoallemienskip hat op koarte termyn ekstra romte nedich en soe dêrom graach ferhúzje wolle nei it WTC-kompleks.

"Dit is hiel posityf nijs", seit Jaap van Bruggen fan de Friese Poort. "Dit is it nijs dat wy graach hearre woene." Neffens Van Bruggen, haad fasilitêr belied, is dit stap ien. It wachtsjen is no op de gemeente dy't mei de plannen ynstimme moat.

"De ekstra romte is hiel wichtich foar ús", leit Van Bruggen út. "Wy hawwe te krijen hân mei in tekoart. Dat hie te meitsjen mei groei en nije ûntwikkelingen, omdat we de skoalle by de tiid hâlde wolle. It Cambuurstadion past hjir prima by."

(advertinsje)
(advertinsje)