360-FIDEO: Eschers nôtkeunstwurken fanút reuzerêd by Nij Altena

Yn greiden op It Bilt binne koartlyn acht grutte tekeningen fan Maurits Cornelis Escher (1898-1972) yn it nôt makke, as oade oan it lânskip en de Ljouwerter keunstner. Se binne no ek fanút in reuzerêd by Nij Altena te sjen en dat smyt spektakulêre bylden op.
De nôtkeunstwurken hearre by it projekt 'Escher in het graan'. Keunstners út Fryslân en dêr bûten hawwe hjiroan meidien. Sy hawwe sels de ûntwerpen makke, basearre op it wurk fan Escher.