Stakingen yn it streekferfier sette nei it wykein troch

It fakbûn CNV hat oankundige dit wykein net te staken yn it streekferfier. Moandei wurdt der wol wer staakt, mar allinnich bûten de spits.
In bus fan Arriva op it bsstasjon yn Ljouwert © Omrop Fryslân, Joris Kalma
De ûnderhannelings dizze wike binne mislearre. Mei it trochsetten fan de stakingen, wol de CNV de druk hâlde op de wurkjouwers.
Freed wie de tredde aksjedei op rige. Treinen ride wol, it grutste part fan de bussen net. Sjauffeurs en masinisten fan regionale ferfiersbedriuwen fiere aksje foar mear lean, minder wurkdruk en ekstra skoft.