Michel Jansen sil Jan Olde Riekerink assistearje by SC Hearrenfean

29 jun 2018 - 17:09

Michel Jansen wurdt de assistint-trainer by SC Hearrenfean. Hy sil tegearre mei Johnny Jansen en keeperstrainer Raymond Vissers haadtrainer Jan Olde Riekerink stypje by syn wurksumheden.

Foto: www.orange-pictures.nl

Jansen komt oer fan FC Twente, dêr't er haad opliedingen wie. Earder wie hy dêr haadtrainer, assistint-trainer en trainde hy de beloften. Jansen sil moandei oan syn wurk by Hearrenfean begjinne.

(advertinsje)
(advertinsje)