Fresko Marijke Muoi yn Ljouwert hat opknapbeurt nedich

Trije jier nei de offisjele ûntbleating troch kening Willem-Alexander fan de muorreskildering fan Marijke Muoi moat it fresko op de hoek fan it Oldehoustertsjerkhôf yn Ljouwert al restaurearre wurde.
Muorreskildering Marijke Muoi
De feroarsaker fan de problemen is it focht efter it stúkwurk, wêrtroch't de farve no ôfbrokkelet. Restauraasje is no needsaaklik. Foar de opknapbeurt is tritichtûzen euro nedich. De Stichting Nassau en Friesland sammelet hjirfoar jild yn.

Restauraasje

Douwe Beimin hâldt him dwaande mei muorreskilderingen yn Ljouwert. Neffens Beimin sil de nije skildering der oars út sjen gean as de hjoeddeistige.
De muorreskildering fan Marijke Meu brokkelt ôf © Omrop Fryslân, Bauke Deelstra