Eigener Heeres yn kassaasje yn dongsilodrama Makkingea

De dongsilosaak dêr't yn 2013 trije minsken by om it libben kamen, krijt in juridysk ferfolch. Advokaat Tjalling van der Goot giet yn kassaasje by de Hege Rie tsjin de útspraak fan it gerjochtshôf njoggen dagen lyn. It gerjochtshôf naam de eask fan it Iepenbier Ministearje oer: de direkteur fan it belutsen skjinmakbedriuw út Abbegea waard feroardiele ta in wurkstraf fan 240 oeren, ien jier sel ûnder betingst en in jildboete fan 100.000 euro.
De silo dêr't it drama plakfûn © ANP
Neffens de ferdigening is de ynfloed fan it saneamde spuiwetter op it ûntstean fan it deadlike gas net goed meinaam troch it hôf. Dat wetter wie troch de boer yn de silo brûkt, mar dat wisten de minsken dy't de silo skjinmeitsje moasten net. Saakkundigen hawwe dêr ferklearrings oer ôfjûn, mar dy binne op basis fan in ûndersyk út 1988.
Tjalling van der Goot oer de kassaasje
Dat fynt Van der Goot net terjochte: "It hôf stelde fêst: sûnder spuiwetter koe it ek dizze gefolgen ha. Mar se wize op in rapport út 1988. Mar dat giet oer it miksen fan dong. En miksen kin allinnich mar yn in fulde dongsilo, mar wy prate hjir oer skjinmakwurksumheden yn in hast lege silo."
As it net begryplik is, is it net goed motivearre.
Advokaat Tjalling van der Goot
"De Hege Ried toetst allinnich mar oft it Gerjochtshôf op basis fan de feiten dizze beslissing meitsje koe en oft it begryplik útlein is. Mar yn ús fyzje is it net begryplik útlein. En as it net begryplik is, is it net goed motivearre. En dát kinst yn kassaasje oan de Hege Ried foarlizze."
It duorret op syn minst in jier foar't der dúdlikheid is, ferwachtet Van der Goot. "Dit jier sille we der neat oer hearre. Miskien foar de simmer fan takom jier."