Skouboarch De Harmonie moat op syk nei nije direkteur

29 jun 2018 - 15:09

De Harmonie moat op syk nei in nije direkteur. De hjoeddeistige direkteur, Arthur Oostvogel (67), giet oan de ein fan dit jier fuort by de skouboarch, dêr't er sûnt augustus 2001 direkteur fan is.

Teater de Harmonie yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Under lieding fan Oostvogel naam it tal foarstellingen ta fan 250 oant 360 yn it jier. Oostvogel wie yn 2014 frege oft er fjouwer jier langer direkteur bliuwe woe. No sil de skouboarch, neffens ôfspraak, op syk nei in opfolger.

(advertinsje)