"De old-boys sykje net goed genôch nei geskikte froulju foar topfunksjes"

29 jun 2018 - 13:37

De bedoelingen binne goed, mar dochs slagget it mar net: der komme noch altyd net genôch froulju yn topfunksjes by bedriuwen. Yn it iepenbier bestjoer slagget dat folle better, sjoch mar nei it kabinet en it groeiende tal froulju as boargemaster.

Foto: Omrop Fryslân, René Koster

Op de freedsmerk wie in frij algemiene gedachte dat it te krijen hat mei de ambysjes fan froulju: dy leit faak mear thús, by de bern. "En dan binne jo net beskikber foar in full-time funksje en dat moat wol at je nei de top wolle." Neffens guon is it saneamde 'old-boys-network' ek noch altyd aktyf. "Se spylje inoar dêr de bal wat ta. Sa hâldt dat systeem him sels yn stân."

"De old-boys sykje net goed genôch nei geskikte froulju foar topfunksjes"

Yn de top fan de Omrop is de funksje fan direkteur op it heden fakant, mar dêr wie op 'e merk gjin froulike kandidaat foar te finen. Al waard wol sein dat in frou dêr hiel goed op har plak wêze soe: "Froulje kommunisearje better en dat soe foar de takomst fan de Omrop wolris hiel belangryk wêze kinne."

(advertinsje)
(advertinsje)