Earste peal foar modern mikrobiologysk lab fan Eurofins op It Hearrenfean

29 jun 2018 - 13:22

Boargemaster Tjeerd van der Zwan hat freedtemoarn op It Hearrenfean de earste peal slein foar it nije laboratoarium fan Eurofins Food Testing. It bedriuw wol hjir ien fan de modernste mikrobiologyske laboratoaria fan de wrâld realisearje. It giet dan ek om in ynvestearring foar de langere termyn, seit direkteur Dirk-Jan Hemmelder fan Eurofins.

De besteande fêstiging fan it bedriuw op It Hearrenfean is fierstente lyts wurden. It nije laboratoarium is bedoeld foar de meiwurkers op It Hearrenfean en dy fan Wijhe yn Oerisel. It laboratoarium op dat plak giet ticht as it nije laboratoarium klear is.

Gjin tafal

It nije laboratoarium kostet mei-inoar tusken de 10 oant 11 miljoen euro. Dat Eurofins foar It Hearrenfean keazen hat, is gjin tafal. It laboratoarium is yn de 19de iuw oprjochte as it laboratoarium fan it Bûn fan Koöperative Suvelfabriken en letter ferkocht oan Eurofins. De suvelyndustry is dan ek noch hieltiid in wichtige klant foar Eurofins.

Foto: Omrop Fryslân, Onno Falkena

Stazjêres

Yn it nije laboratoarium komme mei-inoar sa'n 180 minsken te wurkjen. Om oan goeie minsken te kommen, wurket it bedriuw yntinsyf gear mei mbo en hbo yn Ljouwert. It bart geregeld dat mbo- en hbo-stazjêres by Eurofins oan in baan slagje. "Dat moet ook, want het is niet altijd gemakkelijk om aan voldoende gespecialiseerd personeel te komen", seit Hemmelder.

Direkteur Dirk-Jan Hemmelder fan Eurofins

Wurkgelegenheid It Hearrenfean

It giet sawiesa goed mei de wurkgelegenheid op It Hearrenfean. Freedtemiddei giet op It Hearrenfean de Nederlânske fêstiging fan it Estlânske bedriuw Metaprint iepen. Dat bedriuw is spesjalisearre yn it beprintsjen fan blik en begjint yn earste ynstânsje mei 25 meiwurkers.

(advertinsje)