Mooglik dochs stânbyld fan Frysk hynder op Ofslútdyk

29 jun 2018 - 12:44

It ûndersyk nei de mooglikheid fan in grut stânbyld fan it Frysk hynder op de Ofslútdyk wurdt nij libben ynblaasd. Stichting Faderpaard, dat ek teäterstik De Stormruiter organisearret, stekt jild yn in ferfolchûndersyk. Ben van der Knaap, âld-direkteur fan Theater Sneek, sil it ûndersyk liede.

In artist impression fan it Paard van Friesland - Foto: Redmar Feenstra

Ben van der Knaap oer it Frysk hynder-stânbyld

Al sûnt 2012 is der sprake fan in stânbyld fan tweintich meter heech, mar it projekt 'Het paard van Fryslân' kaam noch net fan de grûn. Barbara Borger wie hjir de inisjatyfnimmer fan, mar is dêr yntusken mei opholden. Stichting Faderpaard pakt it no fierder op. De haadpunten yn it ûndersyk binne jild en de lokaasje.

Jild

Faderpaard is de inisjator fan it nije ûndersyk. De stichting stekt jild yn de oanstelling fan Van der Knaap. De stichting wol ek sjen oft se fierder finansjeel stypje kinne mei jild dat De Stormruiter opsmyt. Dat binne gjin miljoenen, seit foarsitter Tjisse Wallendal fan Faderpaard. Neffens him binne der folle mear partijen nedich om it finansjeel helber te meitsjen.

Troch de Skot Andrew Scott wie der al in makette fan fjouwer meter heech makke en ek lei der al in begrutting. Dy sil noch ris kritysk besjoen wurde moatte, sa seit Van de Knaap. Dat der genôch jild komt is in hurde eask. "Dat moet van tevoren een met aan zekerheid grenzende waarschijnlijkheid zijn", seit de projektlieder.

Lokaasje

It hynder moat op de Ofslútdyk komme, mar it is net dúdlik oft dat echt mooglik is. Rykswettersteat sil dêr útslútsel oer jaan moatte. De seedyk is fan grut belang. It is dan ek de fraach oft sa'n grut stânbyld wol geskikt is om dêr te stean.

It ûndersyk sil uterlik oant febrewaris 2019 duorje, mar eins wol Van der Knaap it earder klear hawwe.

(advertinsje)
(advertinsje)