Bakkefean wol as Sardinië wêze

29 jun 2018 - 11:40

Bakkefean wol as Sardinië wêze. It Italiaanske eilân is ien fan de plakken op de wrâld dêr't minsken langer libje yn goeie sûnens. Bakkefean wol dat ek berikke, mar dat is in grutte klus. De húsdokter fan it doarp, in diëtiste en de doarpsbewenners sels sette harren yn om fan Bakkefean in sa sûn mooglik plak te meitsjen.

Neffens de húsdokter fan it doarp, Jon Brouwers, is yn it earste plak bewustwurding belangryk. "Mensen moeten eerst inzien dat de huidige manier van leven niet altijd de meest gezonde is. Op het gebied van voeding valt de meeste winst te behalen, en we leven te gestrest", seit Brouwers.

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Ferslachjouwer Bauke Deelstra praat yn de doarpstún fan Bakkefean mei húsdokter Jon Brouwers en in doarpsbewenner

Wy binne hiel bot wend om koekjes en snoepkes te iten, mar wy moatte sûn iten normaler fine.

Diëtiste Yteke Hoekstra

Neffens diëtiste Yteke Hoekstra wurdt der troch protte ynwenners fan Bakkefean al út eigen tún iten. Dochs sjocht se ek genôch minsken mei oergewicht en golestorolproblematyk. Hoekstra: "Wy binne hiel bot wend om koekjes en snoepkes te iten, mar wy moatte sûn iten normaler fine."

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Diëtiste Yteke Hoekstra

Blauwe Sône

Njonken it Italiaanske eilân Sardinië, hearre ûnder oaren Okinawa yn Japan, Loma Linda yn Californië, Nicoya yn Kosta Rica en it isolearre Grykske eilân Ikaria by de blauwe sône. Der binne njoggen ûnderdielen fan belang yn de blauwe sône. It giet net allinnich om genôch bewege en sûn ite, mar ek om it hawwen fan goeie bannen mei famylje en freonen is wichtich.

(advertinsje)
(advertinsje)