Aksjegroep wol mei Twadde Keamer om tafel en stjoert fakânsjekaart

29 jun 2018 - 11:18

Mei in digitale fakânsjekaart hat Tsjingas út Nij Beets de Twadde Keamer útnûge om te praten oer de gasboarringen yn it doarp. De aksjegroep wol dat boarringsbedriuw Vermilion him werom lûkt en gjin proefboarringen mear begjint.

Yn Nij Beets leit ien fan de 175 lytse gasfjilden fan Nederlân. Oaljebedriuw NAM en Vermilion helje gas út dizze fjilden. "Wij willen geen nieuwe gaswinning in Nij Beets en zijn tegen de plannen van Vermilion om hier een proefboring uit te voeren. Dit vanwege ontbrekend draagvlak in het dorp", seit Monique Plantinga fan Tsjingas.

"Daarbij vormt een proefboring een onevenredige aantasting van landschap, cultuurhistorie, natuur en verkeersveiligheid. Tsjingas zet zich intensief in om deze proefboring te voorkomen", beslút Plantinga.

Nij Beets is net it iennige doarp dat de Keamer sa'n kaart stjoert. Den Haag kriget út noch trettjin oare plakken út Nederlân útnûgings om mei ynwenners yn petear te gean.

De fakânsjekaart fan Tsjingas - Foto: Facebook TsjinGasss
Trefwurden: 
Nij Beets gas TsjinGas
(advertinsje)
(advertinsje)