Supporters Cambuur bliid mei akkoart oer nij stadion

29 jun 2018 - 08:17

Cambuursupporters binne bliid en ferromme dat de komst fan in nij Cambuurstadion in stap tichterby is. Tongersdei berikten kommersjele partijen oerienstimming oer hoe't de saken no fierder ôfhannele wurde moatte. De ympasse yn de bou fan it nije Cambuurstadion liket dêrtroch trochbrutsen.

Foto: Omrop Fryslân

"Dit is een geweldige eerste stap die gemaakt wordt. Dat zat er vorige week nog niet in. Wij hebben als supporters geprotesteerd en aangegeven dat er echt wat moest gebeuren. Dus we zijn nu blij verrast met deze zet van de investeerders", seit Kees Elzinga fan supportersferiening Kern van Cambuur.

Op skerp sette

Elzinga tinkt dat de brief dy't de ferskate supportersgroepen oan de gemeente en de provinsje stjoerd ha, fertuten dien hat om de saken wer op skerp te setten. De petearen tusken de belutsen partijen wie yn in ympasse belâne, nei't der ûnienichheid ûntstie oer de ûntwikkeling fan it WTC-gebiet dêr't it nije stadion komme moat.

Kees Elzinga fan Kern van Cambuur

It liket oft de bal no foaral by de gemeente Ljouwert leit, mar ek de provinsje is finansjeel oan set, tinkt Elzinga. "Ik proef uit de gesprekken met de gemeente, dat de wil er is om dit project te laten slagen." Elzinga hat der troch it akkoart dan ek in soad fertrouwen yn dat it nije stadion der no dochs komme sil. "Alle partijen hebben laten zien dat ze er positief in staan en dat de bereidwilligheid er is om dit te laten slagen. Dus ik heb er een goede hoop op", beslút er.

(advertinsje)
(advertinsje)