Net folle belangstelling foar ynrinjûn oer debâkle De Lawei

28 jun 2018 - 23:30

Foar de iepen riedskommisjegearkomste oer it ûndersyksrapport nei it debâkle om de ferbouwing fan teäter De Lawei yn Drachten hinne wie tongersdei net folle belangstelling. Mar twa ynsprekkers melden har oan.

Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Ferslachjouwer Gerrit de Boer wie by de kommisjegearkomste oer De Lawei

Ien fan harren fynt dat de ried mear mei de boargers prate moat, om werhelling yn de takomst foar te kommen. De ynsprekker neamde it rapport broddelwurk.

Vice-foarsitter fan de ûndersykskommisje Karin van der Velde tinkt dat Smellingerlân goed fierder kin mei de oanbefellings yn it rapport. Ien fan de oanbefellings oan it kolleezje fan b. en w. en de amtenarij is, om folle tichter op de saak te sitten by nije projekten yn de takomst.

Trefwurden: 
Smellingerlân De Lawei
(advertinsje)