Treinferkear plat troch man op spoarbrêge Ljouwert

28 jun 2018 - 23:19

In persoan is tongersdeitejûn op de spoarbrêge oer it Van Harinxmakanaal by Ljouwert klommen. It spoarferkear fan en nei It Hearrenfean is fuortendaliks stillein. De plysje is manmachtich oanwêzich.

Foto: Nick den Boer

Mei in ûnderhanneler besykje se de man fan de brêge te krijen. It gebiet is ôfset troch de plysje. Ek is in boat oproppen om by te stean as it nedich is.

Update: Rûn alve oere wie de man fan de brêge en is it spoar wer frijjûn foar it treinferkear.

(advertinsje)