"Klimaatwet is stap yn goede rjochting foar dúdlikheid boargers"

28 jun 2018 - 23:12

De nije klimaatwet, dy't ynkoarten presintearre wurdt, is in stap yn de goede rjochting. Dat tinke ferskate minsken dy't dwaande binne mei duorsumens en klimaat, sa as Houkje Rijpstra fan Circulair Friesland, Bouwe de Boer fan Fossylfrij Fryslân en Jan Rotmans, klimaatspesjalist en professor oan de Erasmus Universiteit yn Rotterdam.

Neffens harren is it wichtich, dat dúdlik oanjûn wurdt dat it gas ynkoarten in stik djoerder wurdt en dat der hiel hurd wurke wurde moat om huzen fan it gas ôf te heljen. Boargers moatte witte, wêr't se oan ta binne. Rijpstra seit wol dat it net te fluch kin. Rotmans jout oan dat it op dit stuit yn alle gefallen fierstente traach giet.

Harkje nei de bydrage oer de klimaatwet

(advertinsje)