PI Ljouwert hat eigen 'vadervleugel'

28 jun 2018 - 22:59

De finzenis fan Ljouwert hat in spesjale 'vadervleugel'. De ôfdieling yn de PI is foar heiten dy't meidogge oan it projekt 'gezinsbenadering'. Dat projekt is yn 2017 úteinset en moat derfoar soargje, dat detinearren harren heiterol sa goed mooglik ynfolje kinne.

Foto: PI Ljouwert

Der binne no twa finzenissen yn Nederlân mei sa'n spesjale fleugel. De earste waard op 23 april iepene yn Esserheem yn Veenhuizen. Guon partijen wurkje dêryn gear, sa as de wykteams, mar ek gemeenten en de reklassearring. Op de ôfdieling kinne heiten harren bern yn in famyljekeamer ûntfange. Ek is it foar harren mooglik gebrûk te meitsjen fan Skype om sa harren bern foar te lêzen of te helpen by húswurk.

Sukses

De spesjale ôfdieling foar heiten is foar it earst opset yn Wales, Grut-Brittannië. Dêr wie it in grut sukses. It tal residivisten naam bot ôf. Minder as in tredde fan de minsken dy't op dy ôfdieling syn straf útsitten hat, waard letter opnij feroardiele.

(advertinsje)