Klimaatspesjalist Jan Rotmans: "Feesteapel moat mei helte nei ûnderen"

28 jun 2018 - 22:49

As Nederlân, en dus ek Fryslân, de CO2-útstjit en de doelstellingen fan it klimaatakkoart fan Parys helje wol, moat de feesteapel mei de helte ynkrompen wurde. Dat sei klimaatspesjalist professor Jan Rotmans tongersdei op de simmerbuorrel fan de organisaasjes Circulair Friesland en Fossylfrij Fryslân.

Lânbou is mei de yndustry, it ferkear en ferfier en de beboude omjouwing ien fan de fjouwer terreinen dy't grutte ynfloed hawwe op it klimaat. We moatte foarút nei eartiids, seit Rotmans. En dêr bedoelt hy mei, dat de melkfeehâlderij en de lânbou in stik lytsskaliger wurde moatte, mei behâld fan de natuer en mei in folle legere CO2-útstjit.

Klimaatspesjalist professor Jan Rotmans - Foto: Omrop Fryslân, Gerrit de Boer

Klimaatspesjalist Jan Rotmans

Rotmans jout wol dúdlik oan, dat de oerheid en de boargers de boeren dêr net allinnich foar opdraaie litte moatte. De oerheid moat helpe mei subsydzjes en stipe en de boarger moat mear foar de produkten betelje en bygelyks minder fleis ite. Oars kin it net.

Absolút needsaaklik

Mar it is absolút needsaaklik, fynt Rotmans. De lânbou nimt no fierstente folle plak yn, stjit fierstente folle CO2 út en draacht yn ferhâlding te min by oan de ekonomy en wurkgelegenheid. En dat wurdt allinnich mar slimmer, no't der hieltyd mear boeren ophâlde en opslokt wurde troch gruttere bedriuwen.

(advertinsje)