Earepinning foar âld-wethâlder Wietze Kooistra fan Opsterlân

28 jun 2018 - 22:24

Ald-wethâlder Wietze Kooistra fan Opsterlân hat by syn ôfskied de earepinning krigen. Hy krige him foar 'útsûnderlike bestjoerlike fertsjinsten' foar de gemeente Opsterlân. De ûnderskieding waard útrikt troch boargemaster Ellen van Selm.

Kooistra wie fjouwer riedsperioaden foar it CDA aktyf as riedslid. Dêrnei nochris trije as wethâlder. De gemeente Opsterlân skriuwt: "Wietze Kooistra hat de belangen fan de ynwenners fan Opsterlân tsjinne. Syn wurk hat de gemeente in soad opsmiten."

(advertinsje)
(advertinsje)