"Hegere wetterskipslêsten needsaaklik om feilichheid te garandearjen"

Takom jier giet foar elkenien yn Fryslân de wetterskipsbelesting omheech. In útspraak fan de rjochter soarget derfoar dat it Wetterskip Fryslân gjin belesting mear heffe mei oer natuergebieten yn de Waadsee en de Iselmar. De ynkomsten dy't it dêrtroch misrint, moatte kompensearre wurde. Neffens bestjoerder Bé de Winter fan it wetterskip komt de ferheging fan de lêsten del op sa'n twa euro de húshâlding.
© Shutterstock.com
Bé de Winter, bestjoerder fan Wetterskip Fryslân
Yn 2023 set it wetterskip útein mei de fersteviging fan de Waadseedyk tusken de Lauwersmar en Koehoal. Dy foldocht net mear oan de easken. De opknapbeurt kostet goed 300 miljoen euro en is dêrmei de grutste put ea foar it wetterskip. Dêrtroch kinne yn de takomst de wetterskipslêsten opnij omheech gean, mar neffens De Winter moat it algemien bestjoer him dêr noch oer bûge.
Ynwenners fan Fryslân moatte harren wol realisearje dat it om harren feilichheid giet, seit De Winter. "Miskien hat net elkenien it bewustwêzen dat we ûnder de seespegel libje, mar it is wol sa. Wy moatte maatregels nimme, om dy feilichheid altyd te garandearjen. Ik tink, as minsken dat yn acht nimme, dat se dêr ek wol wat foar oer ha."