Akkoart oer nij Cambuurstadion jout hoop, mar smyt noch soad fragen op

28 jun 2018 - 20:44

Der wurdt posityf reagearre op it akkoart dat sletten is oer de bou fan it nije Cambuurstadion. Der bliuwe allinnich in soad fragen noch ûnbeäntwurde. Tongersdeitemiddei waard bekend dat WTC-Beheer en ynvestearder Jan Anker oerienstemming berikt ha mei ûntwikkeler Wyckerveste en boubedriuw Dijkstra Draisma. Beide partijen ha ôfpraat dat se grûn ruilje.

Foto: Bureau voor Widdershoven architectuur en architecten BV

Foar it WTC betsjut it dat se romte hâlde foar it organisearjen fan grutte eveneminten, sa as De Stormruiter. Der komt dan gjin boumerk yn it WTC. Dijkstra Draisma en Wyckerveste krije oan de efterside fan it WTC in stik grûn fan fiiftûzen kante meter. Dêr komt romte foar frije tiid en rekreaasje, bygelyks in bioskoop of restaurants.

Tûkelteammen

It akkoart smyt lykwols in soad fragen op, sa seit VVD-riedslid Harry Bevers. Hy is posityf oer it nijs, sa't dat no nei bûten komt. Mar neffens him binne der foar de gemeente noch in soad tûkelteammen. "Ik heb het idee dat het probleem bij de gemeente gelegd wordt, want er moet nog veel gedaan worden bij het WTC. De complete infrastructuur moet worden aangepast. Dat gaat veel geld kosten, zeker als er geen parkeergeld hoeft te worden betaald."

Bevers wiist ek op in útspraak fan wethâlder Sjoerd Feitsma. Dy sei earder dat de gemeente Ljouwert gjin reserves hat en dat der ek gjin jild is foar ekstra ynvestearringen.

Begjin

Otto van der Galiën fan Lijst058 fynt de útkomsten fan de petearen tusken alle partijen 'goed nijs'. "Se binne derút en no binne wy as gemeente oan set. We moatte goed sjen nei wat der ôfpraat is, mar dit is in begjin", seit Van der Galiën.

Hoopfol

PvdA'er Hein de Haan is hiel ôfwachtsjend. "Ik wil echt eerst het hele verhaal horen en lezen. Het is fijn dat ze er nu uit zijn. Dat is echt hoopvol."

Kommende woansdei praat de gemeenteried fan Ljouwert oer it akkoart.

(advertinsje)
(advertinsje)