'Hertpasjint heart yn sikehûs'

04 nov 2011 - 11:18

Fryske hûsdokters binne net fan doel om kontrôles fan hertpasjinten oer te nimmen fan de sikehûzen. Troch de besunigings op de hûsdokterssoarch is dat net te dwaan, seit de Fryske Hûsdoktersferiening.

De hûsdokters hâlde wol kontrôles fan sûkerpasjinten. Dat barde earder yn it sikehûs, mar de hûsdokters kinne dat goedkeaper. Under minister Klink krigen de dokters dêr ekstra budzjet foar, mar minister Schippers driget dat jild no wer ôf te pakken.

(advertinsje)