Oerienstimming tusken partijen oer Cambuurstadion

De ympasse yn de bou fan it nije Cambuurstadion liket trochbrutsen. De kommersjele partijen hawwe dizze wike in oerienstimming berikt oer hoe't de saken no fierder ôfhannele wurde moatte. En dat is krekt op 'e tiid.
© Omrop Fryslan
ROC Friese Poort, ien fan de partners yn it projekt, hie in deadline fan 1 july ôfjûn. As de skoalle foar dizze datum gjin dúdlikheid krige oer it stadion dan soene se harren weromlûke út it projekt. Neffens wurdfierder Piet Adema fan WTC-Beheer hoecht dat no perfoarst net. Neffens him is it nije stadion in grutte kâns foar skoallemienskip ROC Friese Poort.

Alternatyf plan

De partijen hawwe yn de ôfrûne wike mei-inoar praat oer in alternatyf plan. De petearen begûnen nei't dúdlik waard dat de gemeente Ljouwert de komst fan in oare grutte boumerk net keare kin. It giet om in Bauhaus-boumerk.
WTC-Beheer en ynvestearder Jan Anker hiene grutte muoite mei de komst fan dy boumerk. Dat soe in te grutte konkurrint wurde foar de boumerk dy't yn it WTC komme soe. De partijen binne no oerienkaam dat der grûn útruile wurde sil: WTC-Beheer leveret in stik grûn oan de efterside fan it WTC oan ûntwikkelder Wyckerveste en boubedriuw Dijkstra-Draisma. Op dat plak komt romte foar rekreaasje en oare frijetiid-aktiviteiten.
As it oan dizze partijen leit, bliuwt it parkearjen fergees. By grutte eveneminten kriget de gemeente Ljouwert dan in part fan de opbringst. Fierder moat de gemeente de ynfrastruktuer yn de omjouwing en op it terrein oanpakke en oanpasse as alles klear is. Foar Dijkstra Draisma is it fan belang dat de bou fan wenten lâns de Harnzertrekwei trochgean kin.

Reaksjes

Projektlieder Dirk Jan De Rouwe fan boubedriuw Dijkstra Draisma is posityf oer it akkoart dat der no leit. Hy wol der fierder net in soad oer kwyt. De Rouwe seit al dat dit plan goed genôch is foar de plannen fan ROC Friese Poort.
Technysk-direkteur Gerald van den Belt jout noch gjin kommentaar. Cambuur is yn ôfwachting fan wat dizze plannen konkreet betsjutte sille. Se komme freed mei in reakje. De gemeente Ljouwert is bliid te hearren dat der in akkoart leit. Se wachtsje it mei belangstelling ôf en prate der tiisdei oer by de gearkomste fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders. Woansdei praat de gemeenteried dan oer it akkoart dat der no leit.
Piet Adema fan it WTC © Omrop Fryslân, Aise van Beets

Teäterproduksjes

De hal dy't earder oanwiisd waard as it plak foar in nije boumerk bliuwt no eigendom fan WTC-Beheer. Dy wolle se brûke foar it organisearjen fan grutte produksjes lykas 'De Stormruiter'.

Gemeente

No is de gemeente oan set, sa stelt Adema: "Wy binne hiel tichtby, wat ús oanbelanget moat de saak foar de boufak rûn wêze." De gemeente Ljouwert krijt de plannen sa gau as mooglik fan de partijen oanlevere. "Ik bin derfan oertsjûge dat it gemeentebestjoer der no hurd mei oan de slach gean sil om de saken foarinoar te krijen," sa seit Adema.
Petear mei WTC-Expo foarman Piet Adema oer it nije stadion