It spoar by Zwolle giet derút: langere reistiid foar Fryske reizgers

28 jun 2018 - 17:05

By Zwolle wurdt fan sneon ôf begûn mei grutskalige wurksumheden oan it spoar. Reizgers út it Noarden wei nei de Rânestêd moatte rekken hâlde mei ekstra reistiid.

De treinen ride oant Meppel. Dêr moatte de minsken oerstappe yn bussen, wêrmei't se nei Zwolle brocht wurde. De ekstra reistiid sit tusken de 15 en 45 minuten.

Stasjon Zwolle is it twadde spoarknooppunt fan Nederlân. It is de ôfrûne jierren dêr hieltyd drokker wurden. Troch de maatregels moat it spoar mear treinen ferwurkje kinne. De provinsje Fryslân hat ek meibetelle oan de wurksumheden. Sa moat it mooglik wurde om fjouwer treinen yn 'e oere nei Fryslân ride te litten.

It wurk duorret twa wiken en moat op snein 15 july klear wêze.

Anita Boonstra fan de NS oer de wurksumheden

Trefwurden: 
trein spoar Zwolle
(advertinsje)
(advertinsje)