Harkje nei histoarysk tikjen yn it Poptaslot

It klinkt as in klok yn it Poptaslot yn Marsum. As in 18-de iuwske klok om krekt te wêzen. It selsbeneamde iennichste kastiel fan Fryslân hat de 'nije' klok sûnt tongersdei yn de hal te stean.
© Omrop Fryslân, Wytse Vellinga
It giet om in Fryske stuoltsjeklok út de achttjinde iuw. De klok wie yn besit by in samler út Grinslân, mar dy moast der fanôf. Bysûnder oan de klok is dat alle ûnderdielen noch orizjineel binne. It giet dan bygelyks om it radarwurk en it gewicht fan de klok sels en de stoel dêr't er op stiet.
Mei help fan de "Friese Klokkengroep" is de klok restaurearre en hat er ûnder oaren in nije skildering krigen op de wizerplaat. Dy wie nei ferrin fan tiid bot fertutearze. Skilder Klaes Posthuma fan Harns hat der in 18-tjinde iuwsk sicht op Marsum op skildere.
Ik kin wol oeren nei it tikken fan de klok lústerje.
Bert Prins, behearder Poptaslot
Repo Klok Poptaslot (28/06/2018 WV)
It Poptaslot is yn de simmermoannen alle dagen iepen. Yn de wintermoannen is it lytse kastieltsje allinnich op ôfspraak te besjen. De klok is te finen yn ien fan de hallen fan it histoaryske pân.
It radarwurk fan de stoelklok is noch orzjineel © Omrop Fryslân, Wytse Vellinga