Selstraffen easke tsjin twa Fryske hûnehannelers

28 jun 2018 - 16:15

Tsjin twa hûnehannelers út Drachten en Ljouwert is tsien en fiif moanne sel easke, omdat se mei ferfalske papieren meast sike, jonge hûntsjes ferkocht ha.

Foto: Omrop Fryslân, Hayo Bootsma

De saak kaam oardel jier lyn oan it rôljen, doe't de plysje in ynfal die yn in loads yn Holwert. Dêr waarden mear as tweintich sike hûnen fûn, dy't yn harren eigen smoargens omrûnen. Yn in friezer leine 23 deade hûnen en in stel kninen.

Ferfalsking

De fertochten beane de jonge hûnen te keap oan op Marktplaats. Se hiene se kocht by in hanneler yn Brabân en de ynintingspapieren ferfalske. Justysje ferwyt se net allinne dat se papieren ferfalske ha, mar ek dat se wisten dat se sike hûnen ferkochten.

De dupearre klanten claime tûzenen euro's oan skea. De rjochter docht oer twa wiken útspraak.

(advertinsje)
(advertinsje)