Fryske Reklamepriis foar campercrashfilmke

28 jun 2018 - 15:46

In reklamefilmke mei in destruktive caravanrace hat de Fryske Reklamepriis 2018 wûn, dat is tongersdei bekendmakke. It filmke, mei Emiel Stoffers fan de Hûnekop yn de haadrol, krige yn totaal 67 prosint fan de publyksstimmen.

Winners en kommisje Fryske reklamepriis - Foto: Omrop Fryslân, Julian Lankhorst

It is alwer de tredde kear dat produsint en reklamemakker Wilfried Bijma de Fryske Reklamepriis wûn. Earder krige er de priis foar in Westernachtige spot foar in wenbûlevard, en foar in reklamefilmke mei Boer zoekt Vrouw stjerren Femke en Gijsbert.

Yn it winnende filmke is in caravanrace te sjen, wêrby't in grut tal caravans oan flarden riden wurde. Dêrnei is Emiel Stoffers te sjen dy't him rêstich deljout foar 'syn' caravan.

Sjueryoardiel

Neffens it sjueryrapport waard it filmke benammen keazen foar it grutte kontrast: "It rûge earste part mei oanboazjende muzyk komt ta in hichtepunt en dan ûnferwachts jout Emiel him noflik del tusken alle wrakstikken yn. Neat is dêrby fergetten. It blomke op it taffeltsje makket it hielendal dien. Mei in swiere Fryske stimme (voice over) der oerhinne, sa te hearren streekrjocht fan it plattelân ôf plôke, wurket dizze spot beslist oansteklik, bliuwt hingjen en besoarget jin in glimlaits."

It winnende bedriuw krige in sjek fan 750 euro, en de makkers mochten allegearre in Grutte Pierbyldsje mei nei hûs ta nimme.

De Fryske Reklamepriis is yn it libben roppen, om it brûken fan de Fryske taal of in Fryske streektaal yn reklame-uteringen te stimulearjen. De FRP is in inisjatyf fan de Ried fan de Fryske Beweging. Op 14 maart 1995 waard de earste FRP útrikt en dy wie doe noch allinnich foar radioreklame. Yn 1999 is de earste telefyzereklamepriis útrikt.

Trefwurden: 
Fryske reklamepriis
(advertinsje)