Sintrum foar dôven yn Ljouwert hâldt op mei aktiviteiten foar kliïnten

28 jun 2018 - 15:25

It Centrum voor Doven en Slechthorenden yn Ljouwert hâldt mei yngong fan novimber op mei alle aktiviteiten foar syn kliïnten. Neffens de organisaasje ûntbrekke de finansjele mooglikheden dêrta, omdat de provinsje de strukturele basissubsydzje ynlutsen hat. Mei dêrtroch kin ek net mear rekkene wurden op in strukturele bydrage fan de Fryske gemeenten.

De finansjele situaasje is no sa dreech, dat ek de oerkoepeljende organisaasje Hoor Friesland yn syn fuortbestean bedrige wurdt.

Hoor Friesland - Foto: Hoor Friesland

It sintrum soe foar jild oanklopje moatte by de gemeenten. Foar it hantsjefol wurknimmers is it lykwols net te dwaan, om mei al dy gemeenten te ûnderhanneljen, seit direkteur Jeroen Dijkstra.

"Wêr't we ús soargen oer meitsje, is dat de besteande sosjale ynfrastruktuer yn Fryslân, dêr't Hoor Friesland ûnderdiel fan is, stadich ôfbrokkelet mei alle gefolgen", seit Dijkstra. Op termyn ferwachtet Dijkstra problemen foar de Fryske mienskip.

(advertinsje)