Fries Museum wol Fryske ambachtslju belûke by nije tentoanstelling

28 jun 2018 - 15:00

It Fries Museum sil foar ien fan har nije tentoanstellingen in berop dwaan op Fryske ambachtslju. Yn de tentoanstelling dêr't it om giet, stiet de Algerynske keunstner Eric van Hove en syn wurk sintraal. Tongersdei wie yn de foarm fan in grut motorblok alfêst in foarpriuwke te sjen.

It motorblok dat troch it Fries Museum oankocht is - Foto: Omrop Fryslân, Andor Faber

De tentoanstelling is fan febrewaris takom jier ôf te sjen yn it Fries Museum. Van Hove hat it motorblok makke mei help fan allegearre ambachtslju út Marokko en Yndonezië. Allegearre hawwe se in part fan it motorblok makke, wer ynlevere by de keunstner en hy hat it wer folslein yn mekoar set. Der is gebrûk makke fan ferskate houtsoarten út Brazilië en Kongo, mar der sit ek keramyk yn.

It Fries Museum hat it motorblok foar 280.000 euro kocht en hat dêrby help krigen fan it Mondriaan Fonds, de BankGiro Loterij en de Vrienden van het Fries Museum.

Fryske ambachtslju

Ienselde motorblok sil yn de oanrin nei de tentoanstelling ek boud wurde mei Fryske ambachtslju. Dat sille se mei Marokkaanse, Sweedske en Yndonezyske kollega's dwaan, fertelt konservator Eelco van der Lingen fan it Fries Museum. "Dat gaat een heel jaar duren. Tijdens dat traject gaan we ze ook bij elkaar brengen, zodat ze van elkaar kunnen leren."

Konservator Eelco van der Lingen fan it Fries Museum

(advertinsje)