Sander Arends yn de finale fan it ATP-Toernoai yn Antalya

28 jun 2018 - 14:39

Tennisser Sander Arends hat de finale berikt fan it ATP-toernoai yn Antalya. Op it Turkske gers wie de Ljouwerter, tegearre mei syn dûbelmaat Matwé Middelkoop, mei 7-6 en 6-3 te sterk foar it koppel Mirnyi/Oswald. It is foar Arends syn earste finale op it heechste nivo fan 2018.

Foto: www.orange-pictures.nl

Yn it begjin fan de wedstriid pakten beide koppels ienfâldich harren eigen opslachgames. By 4-5 moast Arends op syn eigen opslach trije breakpoints fuortwurkje, mar dat slagge knap. Ek op 5-6 krigen Arends en Middelkoop wer trije breakpoints tsjin, mar op 'e nij koene se de game knap binnenhelje.

Yn de tiebreak wie der rap in foarsprong foar Mirnyi en Oswald (1-4), mar dêrnei pakte it Nederlânske duo seis punten op rige en dêrmei ek de set (7-4).

Ien break is genôch yn de twadde set

Arends en Middelkoop pakten yn it begjin fan de twadde set goed troch. Al yn de twadde game makken se in break. Se koene dêrtroch rap útrinne nei 3-0. Dy foarsprong koene se fêsthâlde oant 5-3, wêrnei't Middelkoop de partij útservearje koe.

De tsjinstanners yn de finale binne noch net bekend. Foar Arends en Middelkoop betsjut it finaleplak in moaie opstekker yn de oanrin nei it Grand Slam toernoai fan Wimbledon. Dêr dogge se takom wike as koppel oan mei.

Trefwurden: 
Sander Arends tennis
(advertinsje)