4,5 miljoen reservearre foar ôfhanneling fernijbou De Lawei

28 jun 2018 - 12:59
De Lawei yn Drachten - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Foar de ôfhanneling fan de fernijbou fan skouboarch De Lawei is 4,5 miljoen reservearre. It kolleezje fan B en W stjoert dizze wike in jierrekken oer 2017 mei in ferslach nei de gemeenteried. It finansjeel resultaat út de reguliere bedriuwsfiering is posityf ôfsletten mei 3,4 miljoen. Foar de ôfhanneling fan De Lawei wurdt no noch mear jild frijmakke. De reservepot foar risiko's fan de gemeente hie hjir al rekken mei hâlden. De ried behannelet de jierrekken op 10 july.

(advertinsje)