Sineeske reedrydtop kiest foar Thialf

28 jun 2018 - 12:43

Thialf is dizze simmerwiken de thúsbasis fan hast 40 topreedriders út Sina. It betreft hjir oankommende talinten dy't oplaat en traind wurde foar medaljekânsen by de Olympyske Spelen fan 2022 yn Beijing. De groep ferbliuwt yn totaal seis wiken op It Hearrenfean en makket dêr folop gebrûk fan it simmeriis en oare fasiliteiten yn Thialf.

Foto: Martin de Jong

Thialf hat de ambysje om it reedrydhert fan de wrâld te wêzen. Om dy ambysje wier te meitsjen, wurde it iis en gloednije topsportfasiliteiten ek oanbean oan de ynternasjonale reedrydmerk. Fan yndividuele reedriders, trainers en teams út is der in tanimmende belangstelling om fasiliteiten te brûken yn Thialf, mar ek om kennis en 'knowhow' ôf te nimmen. Dy ynteresse komt út ferskate dielen fan de wrâld, wêrfan in oanmerklik part út Azië.

Ynternasjonaal topsintrum

Thialf-direkteur Marc Winters is om meardere redenen tige bliid mei de komst fan de Sinezen. "Ten eerste is het een bewuste keuze om voor een goede exploitatie van Thialf niet te kiezen voor branchevreemde evenementen, maar juist dicht bij onze corebusiness te blijven. We zijn gebouwd als topijsbaan voor de topsport, waar overigens ook de breedtesport van kan genieten, en zijn in staat om niet alleen nationaal maar ook internationaal te bedienen.

Daarnaast zullen we ons kandideren bij de ISU om het predicaat Centre of Excellence te mogen gaan voeren om daarmee te behoren tot één van de vier à vijf internationale top centra in de wereld op het gebied van langebaan schaatsen en shorttrack. En dan helpt het als we nu al kunnen laten zien dat we die internationale aantrekkingskracht hebben".

Zomerijstraining Chinese schaatstop - Foto: Martin de Jong Fotografie

Thialf is foarnimmens om dizze ynternasjonale aktiviteiten yn de takomst oan te bieden binnen in eigen Thialf Academy. "We zijn daarover in gesprek met onze vaste partners zoals de KNSB, Het Gewest en Topsport Noord om te bespreken op welke wijze we dit zowel aan de voorkant als aan de achterkant goed vorm kunnen geven. Het zou prachtig zijn als we straks met één loket de buitenlandse markt kunnen bedienen en waar je als schaatser of als team alles kunt regelen. Van ijs, trainingsprogramma's en medische begeleiding tot aan huisvesting, visa en bijvoorbeeld onderwijs", seit Winters.

Foto: ANP

It simmeriis yn Thialf duorret noch oant en mei 14 july. Foar rekreative iepeningstiden, sjoch ww.thialf.nl.

(advertinsje)
(advertinsje)