Teloarstelling en soarch by inisjatyfimmers Nij Hiddum-Houw

Sjoerd Mensonides, de man dy't it inisjatyf naam hat foar it wynmûnepark Nij Hiddum-Houw, is teloarsteld yn it útstel fan it park. Hy begrypt dat der soargen binne, mar fynt ek dat der echt soarchfâldich mei de omwenners praat is.
TV Repo foar Ynternet Nij Hiddum-Houw Mensonides
Wynenerzjy © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Deputeare Klaas Kielstra hat woansdei it beslút oer it kontroversjele wynmûnepark foarearst útsteld oant 18 july. Der soe neffens him earst mear ûndersyk komme moatte nei ûnder oare de sûnensrisiko's fan hege mûnen. Ek de omwennerskompensaasje moat opnij besjoen wurde neffens de deputearre. Dit is allegearre in grutte teloarstelling foar Mensonides, en in grut punt fan soarch: "De rek is der al behoarlik út."

Lytsere mûnen

In opsje dêr't de polityk no wer nei sjen wol is lytsere mûnen. Dit is neffens Mensonides lykwols net fuortendaliks in oplossing. "As de mûnen ûnder de 150 meter binne, dan prate wy oer in hele oare klasse. Dat betsjut ek minder megawatt," sa fertelt er. "Mei as gefolch dat der mear mûnen komme moatte om de doelstellingen te heljen."
Hoe heech wurdt in mûne yn it park Nij Hiddum-Houw? © Omrop Fryslân

Omgevingsadviesraad

Mear mûnen is krekt wat yn de Omgevingsadviesraad ôfwiisd is. "It die my juster wol wat doe't der hiel maklik sein waard dat de Omgevingsadviesraad net funksjonearret of net represintatyf wêze soe, want dat is it echt wol." Neffens Mensonides binne benammen de minsken dy't fuort njonken de mûnen wenje goed fertsjinwurdige yn de ried, en soe it protest no benammen út de skyl dêromhinne komme. "Dat dy minsken in legere mûne hawwe wolle snap ik wol, mar de direkte omwenners hawwe yn de OHR sein dat se leaver minder mûnen hawwe wolle, mar dan mar wat heger."
Hiddum Houw Mensonides

Takomst

De moed sakket Mensonides sa stadichoan wol yn de skuon. "Wy binne hjir al 10 jier mei dwaande, dus blykber moatte je 15 jier wurkje foardat in inisjatyf realisearre wurde kin. Wy sille no earst as inisjatyfnimmers mei-inoar oerlizze en dan tink ik dat wy noch wol in útnûging krije fan de deputearre om ris mei him om tafel te sitten. En dan te sjen wat wy as uterste pakket noch dwaan kinne."