Politike fragen oer proefflecht fan ein maaie

28 jun 2018 - 11:45

De fraksje fan de PvdA yn de gemeenteried fan De Fryske Marren hat fragen steld oer de testflecht fan ein maaie boppe it súdwesten fan de provinsje. Ut de lêste lûdmjittingen is nei foaren kaam dat it fleantúch doe twa kear sa folle lawaai produsearre as yn it foar yn teory berekkene wie.

Segment 6 - Foto: Ministearje fan Ynfrastruktuer en Wettersteat

Op hast alle tweintich mjitpunten op 'e grûn binne de lûdsnivo's flink oer it maksimum gien. De PvdA wol no witte wat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders dwaan sil nei oanlieding fan dizze sifers.

Lelystad Airport

It is de bedoeling dat Lelystad Airport fan 2020 ôf fakânsjeflechten fan Skiphol oernimt. De testflecht wie bedoeld om minsken ûnderfine te litten hoe't it is at in fleantúch op sa'n 1800 meter oerkomt. De PvdA fynt dat de útwreiding fan Lelystad Airport allinnich trochgean kin as de lûdshinder binnen de wetlike noarmen bliuwt, sadat der fan oerlêst gjin sprake is.

(advertinsje)
(advertinsje)