Rekonstruksje fan de dea fan Van Seggeren wurdt freed útfierd

28 jun 2018 - 10:47

De Ljouwerter rjochtbank hâldt freedtejûn in skou by de krusing op De Westereen, dêr't july ferline jier it lichem fan Tjeerd van Seggeren fûn waard. Dat wie op 9 july. De rekonstruksje wurdt op ûngefear deselde datum hâlden, sadat de omstannichheden lykweardich binne oan dy op de jûn fan de moard. De rjochtbank besjocht de lokaasje jûns fan healwei tsienen ôf.

Tjeerd van Seggeren (37) kaam yn de nacht fan 8 op 9 july 2017 troch geweld om it libben. Hy hie dy jûn in besite brocht oan in festival op De Westereen. Syn lichem waard letter oan de Fûgelsang fûn. Op basis fan syn ferwûningen waard yn earste ynstânsje tocht oan in oanriding. Dat senario hat it Iepenbier Ministearje farre litten, omdat der yn de omjouwing nea spoaren fûn binne dy't dêrop wize. Om't Van Seggeren swiere ferwûningen hie op syn lichem en oan syn holle, tinkt it Iepenbier Ministearje dat er troch geweld om it libben brocht is. Dat soe troch ien of meardere persoanen dien wêze.

Widdo

Ein desimber waard de 33-jierrige widdo fan Van Seggeren oppakt, in pear dagen foardat se mei har bern nei Dútslân gean soe, har bertelân. Neffens it Iepenbier Ministearje soe de frou meardere motiven hawwe kinne foar de moard. Sa soe der sprake west ha fan relaasjeproblemen.

(advertinsje)
(advertinsje)