Gjin akwadukt yn de Skarster Rien by De Jouwer

28 jun 2018 - 10:00

Der komt gjin akwadukt yn de Skarster Rien by De Jouwer. Dat sei minister Cora van Nieuwenhuizen woansdei yn de Twadde Keamer. Deputearre Sietske Poepjes hat jierren lobbye foar it akwadukt yn de A6. Se is dan ek teloarsteld oer de útspraak fan de minister.

Foto: Omrop Fryslân

Neffens Poepjes is der troch de minister net goed sjoen nei dizze saak. "Ik tink dat it in wat Randstedelijke blik is op ferkearsproblematyk", seit Poepjes. "Want yn Utrecht en Den Haag is it drokker en dus sjogge je dêr earst nei, mar ferjit net: der is ek noch in regio. Ik fyn dat de minister dêr oandacht foar hawwe moat."

Ik tink dat it in wat Randstedelijke blik is op ferkearsproblematyk.

Deputearre Sietske Poepjes

De minister mei oanjûn hawwe dat der foarearst gjin akwadukt komt yn de Skarster Rien by De Jouwer, mar de deputearre staakt de striid foar it akwadukt noch net. "Nee, wy binne noch net útpraat. Dit is pas it begjin. Wy gean troch mei lobbyen yn de Twadde Keamer, want dat akwadukt is tige wichtich."

(advertinsje)