Tongersdei twadde stakingsdei streekferfier

28 jun 2018 - 09:39

Foar de twadde dei op rige wurdt der staakt yn it streekferfier. Foar Fryslân betsjut dat, dat it grutste part fan de bussen net útrydt. De treinen ride wol. Arriva lit witte dat de regionale treinen neffens de tsjinstregeling ride.

In bus fan Arriva op it bsstasjon yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Pieter Beuzenberg fan fakbûn FNV oer de staking

Woansdei hawwe de sjauffeurs yn it streekferfier it wurk foar seker trije dagen dellein. It CNV jout oan oant en mei freed te staken en dêrnei wurdt besjoen oft der fierdere aksjes nedich binne. FNV beslút freedtemiddei oft der yn it wykein en de perioade dêrnei trochstaakt wurdt.

Sjauffeurs en masinisten fan regionale ferfiersbedriuwen fiere aksje foar ûnder oare mear lean, minder wurkdruk en ekstra skoft. By Qbuzz yn Grins ha de stakers en fakbûnen in plak om byinoar te kommen. Der wurdt praat oer de psychologyske oarlochsfiering fan de wurkjouwers. Sa fine de stakers de brieven dy't wurkjouwers stjoere oer ûnhelbere easken yntimidearjend. Sjauffeurs dy't wol ride wolle, soene ferplichte wurde om bygelyks hjir by Qbuzz te riden en net op de eigen linen.

Arriva lit yn in reaksje witte him net te werkennen yn de oantigingen. Neffens de ferfierder foldogge alle tsjinsten yn Fryslân oan de easken en binne de Fryske meiwurkers frij om harren as staker of wurkwillige te melden.

Bussen dy't wol ride

Guon bussen yn Fryslân ride wol. Dat jildt foar de line 155 tusken Ljouwert en Lauwerseach. Ek de bussen op de Waadeilannen ride gewoan. En de linen 66 en 166 Ljouwert-Holwert ride ek neffens de tsjinstregeling. De linen 304 en 314 tusken Drachten en Grins ride ek, mar it kin wêze dat der ritten útfalle.

(advertinsje)
(advertinsje)