Frou trije kear auto ynlutsen

04 nov 2011 - 12:52

In frou (37) út Burgum is woansdei trije kear tsjin har sin yn in auto lutsen. In man yn in ljochtgrize Seat Toledo luts har yn syn wein by de supermerk oan de Alde Dyk yn Koatstertille. By de ljochten by Quatrabras koe se út de auto komme. Nei't se klemriden wie, waard se opnij
de auto ynlutsen. Datselde barde by E10 nochris.

By it tankstasjon oan de Wâldwei slagge it de frou om te ûntkommen. De plysje freget tsjûgen har te melden.

Trefwurden: 
plysje auto Burgum frou
(advertinsje)
(advertinsje)