Iepenloftspul NON-Aktief: in ympresje

28 jun 2018 - 08:41

Der is noch ien non. Mar dy kinst eins net meitelle. Oft it al net dreech genôch is allegear foar de muontsen, komt der ek noch in brief fan de paus himsels; it kleaster moat ticht. Ojee. Wat kinne se betinke om de sluting te kearen? In nonnerôf liket it bêste idee. Masquerade Theater bestiet fiif jier en pakt flink út mei de foarstelling NON-Aktief.

De jongerein hat it foar it sizzen by Masquerade Theater. Sa is it fiif jier ferlyn ek úteinset. Mei trije jongeren dy't ferlet hiene fan mear kultureel oanbod yn 'e buert. Fan in lytse toanielferiening útgroeid ta in selskip fan 28 akteurs. Alles dogge se hjir sels. It spyljen dus, mar ek de technyk, it bestjoer, de muzyk. Ja, wat net. Dit jier woene se wat meitsje oer de nonnen, it kleasterlibben. It resultaat is de foarstelling NON-Aktief.

Wier of net wier?

Ja, der hat echt in kleaster stien yn Feankleaster, De Mons Oliveti (oliifberch). Yn de 13de iuw stichte. Nei de reformaasje binne de kleastergebouwen ôfbrutsen. Letter kaam hjir Fogelsanghstate. Op de Brink, dêr't it stik spile wurdt, leit dus letterlik de histoaryske ûndergrûn foar it stik. De bern hawwe sels ûndersyk dien, mei saakkundigen praat. Lykas de barones fan Fogelsanghstate, boargemaster en âld-boargemasters. En har eigen fantasy der op loslitten.

Regisseur Bianca Wiersma hat der ien ferhaal fan makke. Wat yn alle gefallen wier is, fertelt se, is dat it lykas yn it stik in mingd kleaster wie. De boel moast útmekoar omdat der tefolle berntsjes berne waarden. It probleem yn it stik is dat der noch mar ien non oerbliuwt. En dy is net rjocht by de tiid, dus sy kin net foar al de weesbern soargje.

Se hellen út in kleaster nonnen wei. Wier gebeurd. Dat wie noch in hiele rel.

Bianca Wiersma, regisseur

Nonnerôf

De oplossing is, sa tinke de muontsen, om mar earne oars nonnen wei te heljen. De muonts dy't de froulju ophellet, is 'ferjitten' om tastimming te freegjen. Sa sjogge we by de repetysjes. In hilarysk momint. Sawiesa komme in soad wurdgrapkes yn de foarstelling foar, dus der goed om tinke!

Masqueradefamylje

Foar Bianca fielt it as oft der in 'masqueradefamylje' ûntstien is yn de fiif jier dat se no bestean. Se fynt it prachtich om mei de bern en jongerein te wurkjen. Ald-spilers hâlde kontakt en wolle ek altyd wer helpe. Yn de rin fan de tiid is der dus wol wat delset en dat hat syn ynfloed op alle spilers.

"Wat ik faak werom hear fan âlden en bern is dat se steviger yn de skuon stean. Dat se bygelyks no mear doare te praten yn it iepenbier." Ien fan de spilers, Noamare Houwer, is it dêr mei iens. Se fielt har hjir hiel bot thús en kin harsels wêze. "Ik bin dramatysker wurden, ik bin iepener en sosjaler, praat mear mei minsken. Dat ha ik hjir echt wol leard."

Ik bin iepener wurden, sosjaler.

Noamare Houwer, suster 'Inocencia'

Mindful

De weeskes binne de jongste dielnimmers oan it stik. Dat is bêst drok. Der wurdt fansels in soad repetearre. Yntusken giet it skoallibben ek gewoan troch mei de Cito ensa. Mar, sa sizze se, as we Cito hawwe, tinke we net oan teäter en as we teäter hawwe, tinke we net oan Cito. Hiel 'mindful' dus, dizze ploech jonge akteurs. Dy't it oars net maklik hawwe hear, want se wurde hurd oanpakt. Eins krije se oeral de skuld fan. Dat fiele se ek, mei liifstraffen. Tsja, it wiene oare tiden. Se stekke dêr ek noch wol wat fan op. Bygelyks dat de paus yn Fatikaanstêd wennet. In hiel ein fuort.

Toernee

Om't it selskip no fiif jier bestiet, wolle se dat fansels fiere. Hielendal yn 2018. Dus giet Masquerade Theater as iennige iepenloftspul op toernee. NON-Aktief wurdt ek spile op Skiermûntseach, op it plak dêr't in kleaster komme soe. En yn Gerkeskleaster, dêr't noch oerbliuwsels binne fan it kleaster. Hiel bysûnder fine se dat. Ek âld-spilers fan foargeande jierren sille mei en ek meidwaan oan it stik. "In soarte fan skoalreiske", roppe de weeskes al entûsjast. "Mar dan noch leuker".

Fergees

Omdat it al djoer genôch is foar elkenien, it libben en de foarstellingen dy't der binne yn it Kulturele Haadstêdjier hawwe se by Masquerade Theater besletten dat de tagong fergees is. Sa hat elkenien de kâns om der hinne te kinnen (wol reservearje hear). Nei ôfrin meie besikers dan sels bepale oft se in bydrage jaan wolle en hoe heech dy is.

'Cloostergeloften'

Oja: noch efkes ien fan de 'cloostergeloften' foar de besikers:

"Om de gheschiedenis niet te vervalschen, versoeken wij u voreaf uwen mobiel uit te setten (voor de monnicen en nonnen is een rinkelend telefoontoestel erch stoorend)"

Spyldata

  • Freed 29 juny om 19.30 oere
  • Sneon 30 juny om 19.30 oere
  • Snein 1 july om 15.00 oere
  • Freed 6 july om 19.30 oere
  • Sneon 7 july om 19.30 oere
  • Snein 8 july om 15.00 oere
  • Sneon 14 july om 19.30 oere (lokaasje Skiermûntseach)
  • Sneon 1 septimber om 19.30 oere (lokaasje Gerkeskleaster)

Alles witte oer de iepenloftspullen yn Fryslân? Sjoch dan op Omrop Fryslân's spesjale iepenloftspulside. Hjir fynst eksklusive filmkes, artikels, neibeskôgingen en fansels praktyske ynformaasje oer de moaiste iepenloftspullen fan 2018.

(advertinsje)