Reza hâldt op by Iran

28 jun 2018 - 07:59

Fuotballer Reza Ghoochannejad hâldt nei de útskeakeling fan Iran op it WK op as ynternasjonal foar syn lân. De 30-jierrige oanfaller makke dat bekend op syn Instagram-account. Yn 43 ynternasjonale wedstriden makke Reza 17 doelpunten.

De spits spile it ôfrûne seizoen noch foar SC Hearrenfean, mar kaam op it WK net yn aksje syn lân. Yn in pûl mei Spanje, Portugal en Marokko slagge it Iran net om ronde fierder te kommen. Reza spile yn it ferline ek foar SC Cambuur.

Trefwurden: 
fuotbal Reza Ghoochannejad
(advertinsje)
(advertinsje)