Kollum: "Psychedelyske sesje"

"Gean mar sitten, sei se. Al myn hiele libben kom ik op dit soarte fan plakken, mar ik bin noch nea út eigen beweging sitten gien. Se stelt wat fragen; nee, der binne gjin klachten. Se sil even sjen. En dêr giet de stoel, ûnderút. It hat wat helpleas, om sa elektrysk dellein te wurden by de toskedokter. It skynt hiel gewoan te wêzen, it bart tûzenen kearen per dei. Mar net foar my. It zoemen fan de stoel is foar my in ynliedend ritueel ta in psychedelyske ûnderfining.
De Toan fan Botte Jellema
Botte Jellema © Omrop Fryslân
Se rammelet yn myn gebit om. Mei myn snút wiid iepen lis ik dêr. Ynsluten troch de toskedokter rjochts, de assistint links en boppe my in nuvere bak mei ark. En dan begjint de betizing by my pas echt.
Der sit in putsje yn de lins fan de lampe fan myn toskedokter. Hoe komt dat der yn? Is der in pasjint wyld omheech spatten doe't in senuw rekke wie? Is der in stik fan in tosk, dêr't de toskedokter mei de grouste boar yn oan it boaren wie, mei enoarme snelheid út in mûle sjitten? Kin soks ek troch dyn harsens sjitte? Of is dit in twaddehânsk stoel, en is dat putsje der mei de ferhuzing yn kommen? Soe dat in bytsje hannel wêze, yn twaddehânsk toskedoktersstuollen?
Eartiids gongen wy yn Snits nei in toskedokter, dy't net echt, hoe sil ik it sizze, in bernefreon wie. Dit hie twa gefolgen: it earste wie dat myn gebit net in pronkstik wurden is, en it twadde dat ik in wier ôfgryslike hekel krigen ha oan toskedokters. Sûnt ik se sels útsykje, binne it sûnder útsûndering froulju. Der komt gjin folwoeksen fint mear mei syn ark by myn mûle. Ik bedoel no ja, ik ha it oer toskedokters he.
Net dat froulike toskedokters sêfter binne, of better. Myn foarige beseach in foartosk ris goed, en sei dat dy wolris dea wêze koe. Godskes, ik seach dit al hielendal foar my: tritich bluodderige operaasjes en kosten dêr'tst in útbou oan in hûs mei finansierje kinst. Ik sei: 'Ik ha der gjin lêst fan, en hy is net swart, moat dit?' En doe begûn se oer dat der neffens har in magyske ferbining tusken myn nieren en myn rjochter foartosk wie, en dat soks ta problemen liede koe. Se woe der in gatsje yn boarje. Ik socht in oare toskedokter út.
Noch altyd rommelet se yn myn gebit om. Om gryp te krijen op de situaasje probearje ik systeem te ûntdekken yn har ferrjochtingen, mar ik kom der net efter. Dan wer links boppe, dan wer rjochts ûnder, en wer werom. En ik kin it har ek net freegje.
Se wol toskstien ferwiderje. Se pakt de lampe by de hângreep en rjochtet 'm nochris goed op myn mûle. Dat docht se fansels by elke pasjint: de lampe rjochtsje, mei har hân. Mar mei deselde hân sit se no wer yn myn mûle te wrotten. Se hat in plestik want oan, fansels, mar dy hângreep, soe de assistint dy by elke kear skjin meitsje? Dat de Glassex spuit der op komt? Want oars.. nee, der is gjin oars. Toch?
De dividintbelesting fan Shell, tink dêr dan mar oan. 7 miljard euro minder nei de skatkiste: mear as twa kear de Noord/Zuidlijn en 113 kear de besunigingen op de publike omrop. En ast it oan alle Friezen jaan soest, wie dat mear as tsien tûzen euro per persoan, ynklusyf bern. Gewoan, ôfsprutsen mei de Belestingtsjinst. Je hoege net yn in toskedoktersstoel te lizzen om waanfoarstellingen te krijen tsjintwurdich.
It leafst soe ik myn gebit dêr op in ôfsprutsen tiid ôfleverje, om it nei ôfrin wer op te heljen. "Jellema? We ha it neisjoen, en alles is kreas yn oarder. It profyl rjochts efter is wat lyts, dus dat is iets om yn 'e gaten te hâlden. We ha de floeistoffen ferfongen en 'm ôfmelden. Oant de folgjende kear!"
Ik sjoch nei boppen. Wat dogge minsken yn toskedoktersstuollen? Der is neat te sjen. Ik hie dêr al lang in skermke ophongen, mei in goeie rampefilm derop. Dat pasjinten dat sjogge en tinke: ja, der moat no yn myn gebit boarre wurde, mar sjoch Tom Cruise no ris fuortdûken foar dy bûtenierdske meunsters! Dan falt dit noch ta.
Se seit dat alles yn oarder is, en de stoel zoemt wer omheech. It útliedende ritueel fan de psychedelyske sesje. Ik moat ik even weromkomme yn 'e realiteit. It is altyd in ûngemaklik momint, wêryn't ik krekt doch as of der neat oan 'e hân wie, mar ik yn feite mei myn gedachten de hiele wrâld al rûn west bin. En elkenien docht krekt of dit hiel gewoan is."