Trije ferwûnen by stekpartij yn Boalsert

28 jun 2018 - 06:17

By in stekpartij yn Boalsert binne yn de nacht fan woansdei op tongersdei trije minsken licht ferwûne rekke. It ynsidint fûn om in oere as ien plak op de Bargefenne, yn it sintrum fan de stêd. De plysje hat in 17-jierrige fertochte út Boalsert oanhâlden. De oanlieding fan de stekpartij is noch net bekend. De plysje docht dêr ûndersyk nei.

Trefwurden: 
Boalsert ferwûne stekpartij
(advertinsje)