NHL skoart heech ûnder studinten

28 jun 2018 - 06:00

Hegeskoalle NHL Stenden skoart heech yn de Nationale Studenten Enquête. Dat is een enkête dy't alle jierren hâlden wurdt ûnder hûndertûzenen studinten. Hast tachtich persint fan de studinten fan NHL Stenden is tefreden of hiel tefreden oer de oplieding dy't se folgje.

Stenden yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De skoalle skoart foaral heech op tema's lykas ynternasjonalisering, ynhâld en ûndersyk dat rjochte is op de praktyk. Ek de dosinten fan de hegeskoalle wurde as goed beoardiele.

Jan van Iersel, fan it College van Bestuur fan NHL Stenden, is út de skroeven mei it risseltaat. "We zijn erg trots. Het is een sterk begin van onze nieuwe hogeschool NHL Stenden."

(advertinsje)