Wenningkorporaasjes sette útein mei wenromtebemiddeling

27 jun 2018 - 22:47

Wenningkorporaasjes Accolade en Elkien wurkje sûnt 2012 gear op it mêd fan wenromtebemiddeling. Healwei maaie binne de korporaasjes oergien op in nije ferzje fan harren webside: frieslandhuurt.nl. Minsken dy't in wenning sykje, kinne mei ien ynskriuwing op alle beskikbere hierwenningen reagearje.

Friesland huurt - Foto: Frieslandhuurt.nl

De nije webside hat neffens de korporaasjes in soad foardielen. It hiele proses fan it sykjen nei in hierwenning oant it tekenjen fan in hierkontrakt is koarter en ienfâldiger wurden. Minsken dy't in wenning sykje, fine makliker in nije wenning. Sa kinne minsken harren ynkomsteferklearring uploade nei de webside.

It ynskriuwen op 'e side is fergees.

(advertinsje)
(advertinsje)