Fytstunnel by Surhuzum liket der dochs te kommen

Der komt nei alle gedachten in fytstunnel oan de Uterwei yn Surhuzum. Dat waard woansdeitejûn bekend makke by de gearkomste fan Provinsjale Steaten. De provinsje leit 600.000 euro by. Dêrtroch kin de bou fan de tunnel trochgean.
De Uterwei © Omrop Fryslân
It ekstra jild dat fan de provinsje komme moat, komt del op 600.000 euro. Neffens de mearderheid fan de Steaten kin dat jild út it potsje foar ferkear en feilichheid komme. "Want dêr heart ek it opknappen fan de Uterwei by", sa seit Wopke Veenstra fan de FNP.
Earder liet deputearre Sietske Poepjes witte dat alles al ferdield wie, mar dêr liket feroaring yn te kommen. "Poepjes hat yn in brief witte litten dat der dochs wol wat romte is. Der binne potsjes genôch", seit Durk Pool, Steatelid en fan de VVD Achtkarspelen.
De flagge kin út.
Durk Pool - VVD Achtkarspelen en Steatelid
Ek de FNP fynt it nedich dat de tunnel der komt. "Surhuzum, mar ek it achterlân, makket in hiele protte gebrûk fan de oerstek fan de Uterwei en dat moat feilich. Der is alris ien ferûngelokke, dat wolle we net wer", seit Veenstra.
It foel ta om in mearderheid te krijen. "Feilichheid stiet heech yn it findel, in soad partijen slute oan", seit Veenstra. "Ik tink dat flagge út kin", seit Durk Pool.
De tunnel moat der yn de rin fan 2019 komme.
Andries Bakker yn petear mei Wopke Veenstra en Durk Pool