Topcare predikaat foar ferpleechhûs Nieuw Toutenburg

It ferpleechhûs Nieuw Toutenburg yn Noardburgum hat it predikaat Topcare-sintrum krigen foar de ôfdieling gerontopsychiatry. It is dêrmei it earste ferpleechhûs yn Fryslân en it twadde yn Nederlân dat foar dizze doelgroep in Topcare-sintrum wurdt. Yn Nieuw Toutenburg wurde 50 âldere pasjinten mei psychiatryske problemen op de ôfdieling gerontopsychiatry behannele.
Nieuw Toutenburg © Frits Mostert
De stifting Topcare wol de soarch yn ferpleechhuzen yn ús lan ferbetterje. Dat dogge se troch ûndersyk yn de soarch te stimulearjen. Neffens Topcare is Nieuw Toutenburg in foarbyld. De wurkwize yn Noardburgum is in foarbyld foar oare soarchsintra. "Iedere bewoner hier is welkom en niemand wordt benaderd als een probleem. Nieuw Toutenburg gaat uit van de mogelijkheden die iemand heeft."